Utstjoering Fryslan Dok oer it slavernijferline yn Fryslân

24 juny 25 juny 2023

Op 24 en 25 juny stjoert Fryslan Dok op NPO 2 om 15.30 oere en 13.10 oere in dokumintêre út oer it slavernijferline, ûnder de titel: ‘De keapman en de dûmny’. Dêryn komt wiidweidich Barbara Henkes oan it wurd, sy is de auteur fan it boek ‘Sporen van het slavernijverleden in Fryslân’. Wolst nei ôfrin fan de útstjoering mear witte oer it boek? Sjoch dan efkes yn ús websjop. Op 30 july fersoarget Henkes ek in lêzing mei kuier by it Skipfeartmuseum yn Snits.