Workshop Frysk & Fryslân by Bibliotheek Drachten

21 febrewaris
| 19:30

Spesjaal foar Ynternasjonale Memmetaaldei jout de Afûk in nijsgjirriche workshop, wêryn’t it ûntstean fan de provinsje en de Fryske taal oan bod komme yn in soarte fan blomlêzing fan de kanon fan Fryslân. De workshop is bedoeld foar elkenien dy’t dat nijsgjirrich fynt. Wy geane oan de slach mei lytse opdrachtjes om mear te witten te kommen oer de taal. Fierder wurdt der yngien op foarfallen en omstannichheden yn Drachten en omkriten. Yn ferbân mei in beheind tal plakken is reservearjen ferplichte. Dat kin fia de website fan de biblioteek Drachten of by de baalje fan de biblioteek.