©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Workshop ‘Psychology fan dyn taal’ yn Balk, Drachten en Frjenstjer

12 april 22 april 2023

Tinksto der wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Balk: woansdei 12 april om 19.30 oere, Drachten: woansdei 19 april = FOL, Frjentsjer: sneon 22 april = FOL. Foar mear ynfo en oanmelden sjochst op www.praatmarfrysk.nl of mail opjaan@afuk.frl.