©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Ljouwert – FOL

23 april

Hoe wurket taal foar dy? Doch hjoed fan 9.30-12.00 oere mei oan de workshop Psychology fan dyn Taal yn Ljouwert (of omjouwing, lokaasje moat noch fêststeld wurde): in nijsgjirrige trening foar elkenien oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ yn  teory én praktyk. De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoantes. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan de slach (praktyk). Fansels is der in soad romte foar spesifike sitewaasjes en persoanlike erfarings en ferhalen. Oan dielname binne gjin kosten ferbûn. Opjaan kin hjir.