WOW Festival 2020: Taal fan myn hert

27 maaie 2020
| 12:00 - 17:00

It WOW Festival is it jierliks festival foar meartalich ûnderwiis foar juffen, masters, 3TS-learkrêften, dosinten (Frysk), direkteuren en teamlieders. Mei ynspirearjende sprekkers, workshops en diskusje mar ek mei romte foar muzyk, (taal)keunst en lekker iten. It tema foar dit jier is ‘Taal fan myn hert’.  Spesjale gast is filosoof en wittenskipper Bas Haring. Hy giet op it WOW Festival yn op de filosofyske en wittenskiplike konneksje tusken taal en it hert. Foar mear ynformaasje en opjefte sjochst op www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl.