Foto: argyf Afûk

Boeke- én roazedei by de Afûkwinkel

22 april

‘Wereldboekendag’ wurdt sûnt 1995 alle jierren op 23 april troch UNESCO organisearre ta promoasje fan lêzen, publikaasje en auteursrjochten. Yn Kataloanje falt de dei gear mei it populêre feest fan Sant Jordi en is it neffens oerlevering op dy dei gebrûk om mannen in boek kado te jaan en frjoulju in roas. Barcelona feroaret dy dei dêrom yn in enoarme ieplenloft-boekwinkel anneks blommisterij. Nei it sukses fan ferline jier is it dêrom dit jier op sneon 22 april op ‘e nij boeke-en roazedei yn de Afûkwinkel. Startmomint om 11.30 oere!