Ynspiraasjedei ‘Wy binne mbû’

11 oktober

Nei it sukses fan de ynspiraasje-dagen Wy binne mbû en Boargerskip yn 2022, wurdt dit jier in mienskiplik ferfolch organisearre op 11 oktober yn Neushoorn, Ljouwert. In middei fol ynspirearjende workshops op it mêd fan boargerskip, meartaligens, praktyksituaasjes en mear. Dizze dei is foar dosinten, beliedsmakkers en oare belutsenen binnen it mbû yn ús regio. Mei-inoar wurkje oan it fersterkjen fan it ûnderwiis en it tarieden fan studinten op harren rol yn de maatskippij. Mear ynformaasje fynst hjir