Ynspiraasjeworkshops op Pabû NHLStenden

6 septimber

Yn gearwurking mei de trije noardlike biblioteekorganisaasjes organisearret Pabû NHLStenden in stúdzjedei oer ‘laaggeletterdheid’ en lêsbefoardering. De berneboeke-ambassadeur (BBA) jout yn dat ramt middeis twa kear in workshop oan treddejiers studinten. Mear witte oer it wurk fan de berneboeke-ambassadeur? Sjoch dan op www.berneboekeambassadeur.frl.