Foto: Gerda van der Wijk

Yntroduksjeles Skriuwtechniken fan de Skriuwersfakskoalle (fergees)

7 maart

Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op tiisdeitejûn 7 maart is der fan 18.45 oant 21.45 oere in fergese yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op 21 maart set it lesblok wer útein. De folsleine kursus bestiet út 12 lessen. Foar mear ynformaasje oer de kursus en/of oanmelden giest nei www.leeuwardencityofliterature.nl.