Zomerlezen: wat lêsto dizze simmer?
Yn de moannen juny en july is it wer tiid foar ‘Zomerlezen’, in (lês)kampanje fan de CPNB. De simmer is dé tiid om einlings wer ris in boek te pakken. Dan is der tiid. Lekker yn de tún, op it strân, oan it swimbad… Wa’t tusken 20 juny en 21 july foar minimaal € 15,00 oan boeken keapet, kriget fan de boekhannel it ‘Zomerlezengeschenk’ kado. Yn 2024 is dat in spannend simmerferhaal fan Suzanne Vermeer. Ek by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk! (Op=op)