Altyd wat! Lês of harkje op 1 oktober nei it Nasjonale Foarlêslunchferhaal
It Foarlêslunchferhaal is ek dit jier wer yn it Frysk oersetten troch de Afûk. Dy Fryske oersetting fan it ferhaal, ûnder de titel ‘Altyd wat’, wurdt op freed 1 oktober tusken de middei foarlêzen troch Gezina van der Zwaag, Fryske singer-songwriter, multy-ynstrumintaliste en teäterartyste, yn Heemstra State yn Oentsjerk.
Der by wêze?
Wolle jo dy deis oanskowe by it waarme miel yn Heemstra State en gesellich mei-ite? Dan kinne jo oant en mei 30 septimber in miel reservearje by it ytkafee ‘Bij Vera’ yn Heemstra State (tel. 06 532 271 31) foar € 7,75 per persoan. Spesjaal foar ritsjes yn ’e buert: foar ferfier kinne jo gebrûk meitsje fan de hel- en bringservice fan MVT, foar sa’n € 2 de rit. Mei trije persoanen of mear binne de kosten leger. Opjefte ferfier fia 06-588 736 41.
Download de flyer mei ynformaasje.
Fryske oersetting foar alle foarlêzers beskikber
Fan no ôf steane sawol de Nederlânske as de Fryske ferzje fan it ferhaal ek hjir online:
Nationale Voorleeslunch 2021 – Altijd wat (Nederlânsk)
Nationale Voorleeslunch 2021 – Altyd wat (Frysk)