Bern meartalich opfiede: hoe dochst dat?

Frije tiid Oer it Frysk
12 novimber 2020
Yn Fryslân groeie de measte bern op mei mear as ien taal. Hoe sjocht sa'n twa- of meartalige ûntwikkeling derút? Wat binne de foardielen? En hoe kinst as âlder of fersoarger dy ûntwikkeling sa goed mooglik begeliede? De animaasje 'Meartalich opfiede: hoe dochst dat?' jout dêr yn 't koart en op heldere wize antwurd op.

Wolst mear witte? Sjoch dan ris op heitenmem.nl. Dêr fynst folle mear (eftergrûn)ynformaasje oer it twa- of meartalich grutbringen fan dyn bern.