Der binne in hiel soad Fryske berneboeken om (foar) te lêzen dy’t oanslute by it tema. Of kinst op skoalle by it fak Frysk wurkje oan in super leuk projekt yn Spoar 8. Of kinst meidwaan oan in ferhalewedstryd en in publikaasje winne yn in écht tydskrift!

Berneboekewike op skoalle
Spoar 8 is de lesmetoade foar de Fryske taal yn it basisûnderwiis. Yn in digitale learomjouwing leare bern op in tematyske wize Frysk ferstean, praten, lêzen en skriuwen. By it Berneboekewike-tema ‘En doe?’  binne yn Spoar 8 fjouwer hagelnije projekten makke foar groep 5 o/m 8. Yn dy projekten geane de learlingen op syk nei ferhalen út it deistich libben fan harren pakes en beppes.

Se dogge ûndersyk nei it boartersguod fan pake en beppe, fine se út wat der by pake en beppe op ’e tafel stie en wat pake en beppe dêrfan fûnen, se fergelykje de skoalle fan no mei de skoalle fan doe of se litte in jonge ferzje fan pake of beppe de haadrol spylje yn in aventoer dat him ôfspilet yn harren bernetiid.

Troch te praten mei pake en beppe en te wurkjen oan de projektopdrachten leare de learlingen oer de bernetiid fan pake en
beppe en wurkje se fansels oan taaldoelen foar it Frysk.

Ekstra leuk: de ynterviews, resepten en ferhalen dy’t ûnder it útfieren fan de fjouwer Projekten ûntsteane, kinne ynstjoerd wurde foar in ferhalewedstriid! Mear witte? Lês dêr hjirûnder mear oer of sjoch op www.spoar8.frl/berneboekewike.

Jim brûke op skoalle gjin Spoar 8? Dan is dit ek in moaie manier foar dy as dosint om te sjen oft de metoade Spoar 8 ek wat foar jim op skoalle is. Probearrest de metoade no nammentlik trije moanne út sûnder ferplichtingen! Nim kontakt op mei it ûnderwiisteam fan de Afûk.

Berneboekewike ferhalewedstriid
De berneboekewike giet dit jier oer tiden dy’t fier fourt lykje. Mar in tiidmasine is net nedich om oare tiden te ûntdekken: freegje it dyn pake en beppe! Besjoch harren boartersguod, liket dat noch op it boartersguod dêr’sto mei boartest? Wat foar spultsjes diene pake en beppe eartiids? Wat wie pake syn favorite iten doe’t er in jonkje wie? Fynsto dat ek lekker? Of gean mei beppe werom yn de skoalbanken!

Alle ferhalen, ynterviews en resepten dy’t sa – of ûnder it útfieren fan de projekten yn Spoar 8 – ûntsteane, kinst ynstjoere foar de ferhalewedstriid! Dat hoecht net perfoarst yn de Berneboekewike, it mei ek letter, mar yn alle gefallen foar de Krystfakânsje (18 desimber 2020). Miskien komsto dan wol mei dyn ferhaal yn de spesjale útjefte fan it tydskrift heit&mem te stean: de pake&beppe! Hoe leuk is dat?

Foto: Tryntsje Nauta

Stjoer dyn ferhaal – mei eventueel in foto of in oar soarte ôfbylding –  nei spoar8@afuk.frl. Fertel ek efkes hoe âld oftst bist, wêr’st wennest en op hokker basisskoalle oftsto sitst.

As dyn ferhaal útsocht wurdt foar publikaasje yn it spesjale tydskrift pake&beppe, dan krigest dêr persoanlik berjocht fan ús oer. It tydskrift – mei miskien wol dyn ferhaal! – ferskynt dan begjin 2021. Mear ynformaasje fynst op www.spoar8.frl/berneboekewike.

Berneboekewikeberneboeken
By it tema ‘En doe?’ binne ek hiele moaie Fryske berneboeken! Boeken om foar te lêzen of foar de bern om sels te lêzen. Wy hawwe de allermoaiste boeken foar jim útsocht. Download hjir de brosjuere of sjoch yn ús websjop. Dêr fynst in handich oersjoch fan titels dy’t passe by bern fan groep 1/2, groep 3/4, groep 5/6 en groep 7/8.