Bestseller: De Jongen, de Mol, de Vos en het Paard no ek yn it Frysk!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
18 septimber 2023
De wrâldwide bestseller ‘The Boy, the Mole, the Fox and the Horse’ fan Charlie Mackesy, yn it Nederlânsk suksesfol oersetten troch Arthur Japin, is no ek yn it Frysk ferskynd, ûnder de titel: ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’. De Fryske oersetting is fan ’e hân fan de ferline jier ferstoarne dichteres Baukje Wytsma.

It is in prachtich ferhaal oer freonskip, leafde en dysels wêze; foar jong en âld. Of sa’t Baukje it sei: ‘In leaf en learsum boek oer de wearde fan in ultime freonskip.’
De 100 yllustraasjes en de poëtyske teksten fertelle it ferhaal fan de bysûndere freonskip tusken de jonge en de trije bisten. De universele lessen dy’t se mei-inoar leare binne stik foar stik libbenswiisheden. In prachtige moderne klassiker.

Boekgegevens:
De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder
Auteur: Charlie Mackesy
Oersetting: Baukje Wytsma
Utfiering: ynbûn, hurd kaft
ISBN: 978 949 3318052
Tal siden: 128
Taal: Frysk
Ferkeappriis: € 24,95
www.websjop.afuk.frl