Boeke- en Roazedei op sneon 22 april by de Afûk en de ‘Love’ fontein yn Ljouwert

Boeken fan Fryslan Frije tiid Minority languages
13 april 2023
Nei it sukses fan ferline jier wurdt de Boeke- en Roazedei dit jier op ’e nij fierd yn Ljouwert. Dat fynt plak op sneontemoarn 22 april yn de Afûk-winkel én by de ‘Love’ fontein fan Jaume Plensa, bekend fan de 11fountains. It is op ’e nij in moaie gearwurking tusken de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en ANC-Nederland. Der wurde gedichten foardroegen yn it Frysk en it Katalaansk en klanten yn de Afûk-winkel krije in roas by oankeap fan in boek.

Wereldboekendag
‘Wrâldboekedei’ is yn 1995 fêststeld troch UNESCO en wurdt alle jierren op 23 april organisearre om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De datum waard keazen omdat dy dei yn Kataloanië al sûnt 1923 yn it teken stiet fan boeken en it boppedat de berte- en stjerdei is fan William Shakespeare én de stjerdei fan Miguel de Cervantes. Yn Kataloanië falt dy dei gear mei it populêre feest fan Sant Jordi. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. Neffens de oerlevering is it op dy dei gebrûklik om manlju in boek te jaan en froulju in roas. Barcelona feroaret op dy spesjale dei dêrom altyd yn in enoarme iepenloftboekwinkel anneks blommisterij.

Boeke- en Roazedei
Sneon 22 april sil yn de Afûk-winkel de Boeke- en Roazedei wer fierd wurde. De moarns om 11:30 oere is der in lyts programma mei ûntfangst yn de winkel, wêrnei’t it programma fan 12:30 oere ôf plakfynt by de fontein fan Plensa, by it Ljouwerter stasjon. Ta gelegenheid fan it fiifjierrich jubileum fan dy fontein wurde dêr yn it Katalaansk en yn it Frysk in tal gedichten foarlêzen fan Vicent Andrés Estellés. Dy Katalaanske dichter hat altyd in ynspiraasjeboarne west foar byldzjend keunstner Jaume Plensa. De gedichten binne yn it Frysk oerset troch Syds Wiersma en Ignasi Ripoll. In oantal fan dy oersettingen binne yn april ek te lêzen op de webside fan it kultureel tydskrift de Moanne.
Klanten yn de Afûk-winkel krije op dy dei in roas kado by oankeap fan in boek (op=op).

Gearwurking ANC en Afûk
Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana yn Nederlân (ANC) socht dit jier op ’e nij de gearwurking mei de Afûk. It Katalaansk heart, lykas it Frysk, ta de Europeeske minderheidstalen en beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. ANC-Nederland is ien fan de bûtenlânske takken fan it ANC, in Katalaanske sivile maatskiplike organisaasje dy’t him ûnder oaren ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen. Dat doel slút hiel moai oan by de missy en it wurk fan de Afûk as it giet om de Fryske taal.