Boeken fan Fryslân presintearret: Rosmos & the Blues

Boeken fan Fryslan Frije tiid
4 maart 2019
Yn de Moanne fan it Fryske Boek giet skriuwer Willem Schoorstra tegearre mei muzikant Jack Bottleneck op toernee troch Fryslân. Op ferskillende lokaasjes troch de hiele provinsje bringe sy in programma oer de ‘blues’ yn ’e breedste sin fan it wurd.

Sawol de ferhalen fan Willem Schoorstra as de nûmers fan Jack Bottleneck binne rau en earlik, net sûnder humor en altyd fitaal. Rosmos & the Blues giet oer fallen, oer hiel meitsjen en oer wille. Rosmos & the Blues giet oer it fieren fan it libben. Schoorstra: ‘De blues is it libben sels: rau en earlik, in stomp yn ’e mage, in skop ûnder de kont. It programma fan Jack Bottleneck en my docht krekt dat: it stompt yn ’e mage, it skopt ûnder de kont.’

Oer Rosmos
Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skreau Willem Schoorstra fan ’t jier it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske Boek: Rosmos. Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

Rosmos is ferskynd by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal en wurdt de hiele moanne maart fergees oanbean by in besteging fan € 12,50 oan boeken.

Boeken fan Fryslân
De Moanne fan it Fryske Boek wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten.