Boekewike? Boekeside!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
13 maart 2023
It tema fan de 88e nasjonale Boekewike fan 11 oant en mei 19 maart is ‘Ik ben alles’. Mei dat tema wol de CPNB stilstean by de pluriformiteit fan ús identiteit. Foar de Boekewike fan dit jier is Lize Spit frege om it nasjonale Boekewikegeskink te skriuwen. ‘De earlike finer’ is in ferhaal oer freonskip, solidariteit en it belang fan rituelen. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Elske Schotanus de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekewikegeskink fan dit jier. Yn de Boekewike krigest by oanskaf fan €15,- oan boeken by dyn boekhannel, it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.

By de start fan de Boekewike ferskynde in spesjale boeke-side fan Boeken fan Fryslân yn de regionale sneonskranten: Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. Download de side hjir.

Literêre jûn mei Lize Spit & Elske Schotanus
Op sneon 18 maart 2023 organisearret Boeken fan Fryslân yn dbieb yn Ljouwert in literêre jûn mei
de skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink 2023, Lize Spit. Op de literêre jûn wurde sawol de haadgast en skriuwer fan it Boekewikegeskink, Lize Spit, as de oersetter, Elske Schotanus, ynterviewd troch Coen Peppelenbos. Nei ôfrin fan it programma is der romte foar sinjearjen en in drankje.

Lokaasje: dbieb, Ljouwert
Ynrin fan 19:30 oere ôf, start programma om 20:00 oere
Kaarten à € 9,00 fia: dbieb.op-shop.nl

NB Wês der gau by, der is beheind plak. Sjoch op de webside fan Boeken fan Fryslân foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân: boekenfanfryslan.frl.