Foto: Anja van Wijgerden

Boekewikegeskink 2020 krijt Fryske oersetting

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
25 septimber 2019
Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt it Boekewikegeskink fan bestsellerauteur Annejet van der Zijl yn de Boekewike ek yn it Frysk. Yn 2018 barde dat foar it earst yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. De ôfrûne twa jier soarge dizze spesjale edysje foar ekstra entûsjaste lêzers yn Fryslân en fier dêr bûten. De Fryske fariant hat in lytsere oplage en is in echt ‘collectorsitem’ wurden. Baukje Zijlstra sil it Boekewikegeskink oersette. De 85ste editie fan de Boekewike fynt plak fan sneon 7 maart oant en mei snein 15 maart en hat as tema Rebellen en dwarsdenkers.

Eveline Aendekerk, direkteur stichting CPNB: ‘It is bysûnder om te sjen hoe’t dizze Fryske útjefte yn trije jier tiid útgroeid is ta in tradysje. It lit sjen hoe wichtich it is om oan te sluten by it ferlet fan de lêzers. It jout de Boekewike foar Fryske lêzers in unyk en feestlik tintsje!’

Annejet van der Zijl is tige ynnommen mei it nijs: ‘It is in eare en fielt fijn dat it Boekewikegeskink daalk yn it Frysk oerset wurdt. Ik wol nammentlik hiel graach dat it bysûndere en wierbarde leafdesferhaal, dêr’t ik no de lêste hân oan lis, safolle mogelik lêzers berikt. Dat fertsjinje de personaazjes.’

Annejet van der Zijl
Mei bestsellers lykas Sonny Boy, Bernhard en De Amerikaanse prinses is Annejet van der Zijl (Querido) ien fan de ferneamdste en meast lêzen auteurs fan Nederlân. Van der Zijl wurdt ek wel de net-kroande keninginne fan de literêre non-fiksje neamd. Ek de jongerein wurdearje har boeken: Sonny Boy stiet yn de top 10 fan meast populêre boeken ûnder eksamenkandidaten havo en vwo. Foar har oeuvre krige Van der Zijl ûnder oaren de Gouden Ganzenveer.