Boekpresintaasje ‘Maia en har freonen’
‘Maia en har freonen’ is in Oekraynsk berneboek fan Larysa Denysenko, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen. De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF Ukraine, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne.
De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei-inoar op harren.
Fuortendaliks bestelle? Gean dan nei ús websjop.