Bring in petear op gong mei de praatkaarten fan ‘Fertel ris’
It projekt Fertel ris – ûnderdiel fan it bredere projekt Frysk yn ’e soarch fan de Afûk – jout wolwêzensmeiwurkers en/of aktiviteitebegelieders en frijwilligers yn de soarch, mar ek famyljeleden fan immen dy’t soarch kriget, hânfetten foar (Frysk)talige aktiviteiten mei âlderen. Mei materialen yn de eigen taal en út de eigen regio wurde oantinkens wer libben en komme de ferhalen nei boppen. Earder waarden mei dat doel û.o. de Belibje it wer tema-koffers ûntwikkele. No binne der de Fertel ris-praatkaarten. Oan de hân fan ferskillende tema’s, ûnderwerpen en fragen kin op in maklike, leuke en tagonklike wize in (moai) petear op gong brocht wurde.
Produktspesifikaasjes
Doaske fan 150 mm x 80 mm x 15 mm
70 kaartsjes
Tema’s (5): sport, skoaltiid, iten & drinken, muzyk, frije tiid
Taal: Frysk en Nederlânsk
Materiaal: karton
Priis: € 9,95
Allinne te keap yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk of fia websjop.afuk.frl.