By de Afûk is ferskynd: Klút & Mients ûntdekke eb en floed
Klút en Mients binne by de Waadsee. ‘Mar wat is dát no? Al it wetter is fuort!’ De freonen geane op syk nei de see. Se freegje in krabbe, leppelbekken en allegear oare bisten om har te helpen. Mar oft dy dêr tiid foar hawwe…
Klút & Mients is earder yn it Nederlânsk ferskynd ûnder de titel: Kluut & Kanoet ontdekken eb en vloed. Yn novimber ferskynde fan dat Nederlânske boek alwer de twadde printinge.
oer de auteurs en yllustrator
Klút & Mients is skreaun troch Sabine Tigchelaar (Hallum) en Laura Steigenga (Hallum) en yllustrearre troch Roberta Müller (Arnhem). It idee foar in printeboek oer it waadgebiet ûntstie sa’n twa jier lyn. Sabine hat har hiele libben al tichtby it waad wenne en Laura kaam as bern al hiel graach mei har heit en mem achter de seedyk. Mei dit prachtige printeboek hoopje se bern te entûsjasmearjen foar it
waadgebiet.
Boekgegevens Klút & Mients ûntdekke eb en floed
Auteurs: Laura Steigenga en Sabine Tigchelaar
Yllustraasjes: Roberta Müller
Utfiering: ynbûn, hurd kaft
ISBN: 978 94 93318 236
Ferkeappriis: € 15,99
Afûk, Ljouwert 2023
www.websjop.afuk.frl