De Dichter fan Fryslân organisearret in Fryske SLAM
It is in klassike slam, wat betsjut dat it publyk kiest wa’t de bêste foardrager is troch hieltyd twa stimmen wei te jaan oan de favoriten. Der binne trije rondes: in foarronde (alle 10 dielnimmers), in twadde ronde (5 meie troch) en de finale (2 finalisten yn in duel). Tusken de earste en twadde ronde troch is der in bysûnder yntermezzo mei Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân fan 2019-2021, dy’t nij wurk hearre litte sil. Dat ûnder it genot fan boarrelhapkes wylst de stimmen teld wurde. De finalist dy’t de measte roazen ûntfangt fan it publyk, wint de slam en in bedrach fan €500,-.
As dielnimmer opjaan foar de slam kin fia: info@dichterfanfryslan.nl oant 15 maaie of oant de ynskriuwing fol is. Alle dielnimmers wurde yn de oanrin nei de slam yntrodusearre yn podcasts. Hâld rekken mei twa foardrachten fan elk maksimaal 3 minuten, en in repetoire foar de finale: yn 7 minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.
Nim dyn fans, famylje en freonen mei. De tagong is fergees en oanmelde is net nedich. Wy tidigje op ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Oant dan!
De Fryske SLAM! wurdt organisearre yn gearwurkinge mei Explore the North, Leeuwarden UNESCO City of Literature en Tresoar.