De doar fan de winkel giet iepen en ticht, iepen en ticht
Frije tiid
Oer it Frysk
29 oktober 2020
Sels binne wy der hiel wiis mei: ús nije winkelyngong. Nei de klapperjende flapdoarren is ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert no foarsjoen fan in pear prachtige automatyske skodoarren. Bist yn 'e buert? Kom even lâns. Njonken moaie nije skodoarren hawwe we nammentlik ek in hiel soad moaie boeken en kado-artikels.
Winkelje dochst by ús mei ynachtnimming fan de jildende koroanamaatregels en -advizen, dus hannen desynfektearje, in mûlkapke drage en ôfstân hâlde. Foar de aktuele winkeltiden sjochst hjir. Of winkelje 24/7 yn ús websjop!
Foto: Afûk