De fernijde Praat mar Frysk-app: altyd in Frysk wurdboek by dy!

Frije tiid Oer it Frysk
12 novimber 2020
Hasto de nije Praat mar Frysk-app al? Hy wachtet op dy yn dyn appstore! In handich Frysk wurdboek mei audio, Fryske GIFkes en de Blinder of Blunder-taalkwis. Hielendal fergees!

De fernijde Praat mar Frysk-app bestiet út in superhandich wurdboek Nederlânsk-Frysk, Frysk-Nederlânsk, sa makkest nea wer in flater! Wolst dyn Frysk byspikerje of fynst it aardich om in Fryske taalkwis te dwaan? Mei de Blinder of Blunder-taalkwis yn de app learst fan alles oer it Frysk en hâldst dyn Frysk by de tiid.

Hast gjin sin om te typen? Mei de nije Praat mar Frysk-app kinst ek de moaiste Fryske GIFkes nei dyn freonen, famylje en oare kunde stjoere. Frysk mei in knypeach!

Benijd? Sykje nei ‘Praat mar Frysk’ yn de Apple App Store of de Google Play Store, update of download de Praat mar Frysk-app fergees en brûk de app! In protte wille!

Mear witte oer Praat mar Frysk? Sjoch hjir!