De Foarlêsgids: de moaiste Fryske boeken, apps en foarlêstips

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
14 jannewaris 2022
Der is wer in nije Foarlêsgids. Yn dit gidske fynst de moaiste Fryske boeken en apps, geskikt foar bern fan 0 oant 12 jier en handige tips en 'weetjes' oer foarlêzen. It gidske is op papier te krijen mar ek digitaal beskikber.

Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Kinst net betiid genôch begjinne mei foarlêzen. Kinst de Foarlêsgids fergees bestelle yn ús websjop, betellest dan allinne de ferstjoerskosten.

Besjoch de Foarlêsgids hjir online!