De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!
Sutelaksje-koördinator Ferdinand de Jong is optein: “Wy binne hiel bliid dat der nei in ferlern jier wer sutele wurde kin. Foar it skreaune Frysk en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde by jo oan ‘e doar brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.”
Foarsitter Rennie Niezink fan keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert wie bliid mei de opbringst: “Wy hawwe takom jier ús 125-jierrich jubileum, dat dan is dit in hiele moaie ynstruier foar de feestpot.”
Foar Annieke Voogd, bestjoerslid streekharmony Concordia yn Balk, wie it alwer de tredde kear dat sy in Sutelaksje organisearren: “De Sutekaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”
De earstfolgjende Sutelaksjes steane pland op 7 oktober yn Jorwert, 8 oktober yn De Rottefalle, 16 oktober yn Wergea, 20 oktober yn Easterwierrum en 6 novimber yn Penjum.
Doch mei!
De Sutelaksje fan Boeken fan Fryslân bringt it Fryske boek hûs oan hûs rûnom yn Fryslân. Ferieningen dy’t in Sutelaksje organisearje, krije 25% fan de omset yn harren klupkas stoart. Oanmelde kin fia www.sutelaksje.nl.
Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek troch de promoasje en organisaasje fan ferskate projekten en aktiviteiten.