‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk!
It Kinderboekenweekgeschenk is dit jier skreaun troch Andy Griffiths, tegearre mei yllustrator Terry Denton bekend fan de populêre ‘De waanzinnige boomhut’-rige. Yn de Berneboekewike fan 5 o/m 16 oktober is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan op syn minst €12,50 oan Fryske boeken.
Gean gau del by dyn boekhannel, ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert óf sjop yn ús websjop!
De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de webside: www.boekenfanfryslân.frl.