Der is wer in nije heit&mem!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
16 novimber 2022
In moai nij hjerst/winternûmer leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Yn it blêd fynst dit kear artikels oer û.o. gebaretaal,  adoptearre bern, oer bern dy’t net ite wolle, bêste freonen, fansels de nijste Fryske berneboeken en noch folle mear!

It tydskrift heit&mem wurdt yn in oplaach fan 36.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by biblioteken, skoallen, sikenhúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir online te bestellen.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem.

In protte lêswille tawinske!

Sjoch ek ris op heitenmem.nl.