Der is wer in nije heit&mem!

Frije tiid Oer it Frysk
15 juny 2023
In moai nij simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Yn dit nûmer giet it û.o. oer lytse ûndernimmers, de magy fan poëzy, oer heechgefoelige bern mei in sterke wil, oer Ype Roan dy’t in auto-ymmúnsykte hat, oer bûtenboartsjen, hutten bouwe en noch folle mear!

It tydskrift heit&mem wurdt yn in oplaach fan 36.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir online te bestellen, dan betellest allinne de fersjoerskosten. Wolst der mear as 2 ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem.

In protte lêswille tawinske!