Der is wer in nije heit&mem!

Frije tiid Oer it Frysk
20 novimber 2023
In moai nij hjerstnûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Om lekker smûk op de bank te lêzen... Dit kear giet it yn de heit&mem oer: fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

It tydskrift heit&mem wurdt yn in oplaach fan 36.000 stiks troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje en de ferspriedingslist fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir online te bestellen, dan betellest allinne de fersjoerskosten. Wolst der mear as 2 ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem.

In protte lêswille tawinske!
En hast de nije heit&mem-podcast al belústere?