Dichter fan Fryslân skriuwt gedicht foar ‘Bosk’ fan Arcadia

Boeken fan Fryslan Frije tiid
14 juny 2022
‘Swalker' is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skreaun foar it Arcadia-projekt Bosk: 'Projekt Bosk is in mearke-eftige belibbing. It grien yn Ljouwert hat in bysûndere útwurking op foarbygongers. Minsken strike der as fûgels del en rinne sigesaagjend en fluitsjend troch nei harren wurk of ôfspraak. By Bosk heart poëzij.'

Hjoed wurdt it gedicht publisearre yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. Op tongersdei 7 july sil de Dichter fan Fryslân tegearre mei dichters fan it dichterskollektyf RIXT en Dichter Bij Leeuwarden û.o. it gedicht ‘Swalker’ foarlêze op it Boskpodium yn Obe, Ljouwert.

Sjoch foar mear ynformaasje en in Nederlânske of Ingelske oersetting fan it gedicht op www.dichterfanfryslan.nl.