Dichterskollektyf RIXT komt mei it Literêr Sirkwy

Boeken fan Fryslan Frije tiid
5 oktober 2021
Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Yn de Skriuwersarke op de Feanhoop wurken RIXT-dichters gear mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut en muzikant Bruno Rummler. De poëzy en muzyk dy’t dat oplevere hat, wurdt yn kafee Marktzicht presintearre.

Foar it skoft binne der optredens fan de dichters Arjan Hut, Sigrid Kingma, Edwin de Groot, Syds Wiersma, Carla van der Zwaag en Janna van der Meer. De lêste beide dichters trede op mei Bruno Rummler.

Der sil ek omtinken wêze foar de poëzy fan Tsjisse Hettema, dy’t meidwaan soe oan RIXT op ’e Arke mar hommels ferstoar yn de wike dat it projekt plakhie. By útjouwerij Frysk en Frij ferskynt ynkoarten postúm Hettema syn fjirde dichtbondel Hewwy dát. Gedichten út dy bondel sille yn Marktzicht klinke.

Nei it skoft is der in iepen poadium en sil Bruno Rummler solo optrede. Elk dy’t poëzy (eigen of fan in oar) bringe wol op it iepen poadium, is tige wolkom. Wol graach efkes opjaan by: ynfo@rixt.frl. De presintaasje fan de jûn yn Drachten is yn hannen fan Edwin de Groot.

It Literêr Sirkwy waard foar it earst yn 2005 organisearre en wie tsien jier lang in fêst poadium foar skriuwers, dichters en muzikanten. Yn dy jierren wie it in inisjatyf fan It Skriuwersboun. Dichterskollektyf RIXT hat dat stokje no oernaam en sil in tal literêre jûnen op ferskate plakken yn Fryslân organisearje. Dy nije rige wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Datum: 9 oktober 2021
Plak: Drachten, kafee Marktzicht, Aldewei 14
Tiid: 20.00 – 22.00 oere
Tagong: fergees

Wolkom ek by de neisit! Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels