Foto: redaksje Bûsboekje

Dichtsje foar it Bûsboekje 2021

Frije tiid Oer it Frysk
30 augustus 2019
Juster is yn Aldtsjerk op it hiem fan klokmakker Tjitte Talsma en ûnder muzikale begelieding fan it duo Paul & Gjalt, de Bûsboekje 'poëzykriich' begûn! De 'poëzykriich' is in ynisjatyf fan de redaksje fan it Bûsboekje om foaral begjinnende en jonge dichters oan te moedigjen om wat te dwaan mei it Frysk of in streektaal yn Fryslân. 

It gedicht mei oer alle ûnderwerpen gean en it moat lêsber passe op ien side yn it Bûsboekje. Dat wol sizze: maksimaal 30 rigels of 300 wurden. Fierder moat it yn it Frysk of ien fan ‘e streektalen dy’t yn Fryslân praat wurde. Moatst dyn gedicht yntsjinje foardat wy de klok wer in oere tebek sette en de wintertiid begjint (op 27 oktober 03.00 oere simmertiid of 02.00 oere wintertiid) by de redaksje fia redaksje@busboekje.frl of op papier nei it redaksje-adres Piskhoarnedyk 3, 8912 CE, Ljouwert. Foar de winner is der in jildpriis én publikaasje yn it Bûsboekje 2021. Fierders is der in oanmoedigingspriis foar in jonge (35 jier of jonger yn 2019) of begjinnende (mei oare wurden: hat noch nea publisearre) dichter.

Alle ynformaasje oer de ‘poëzykriich’ is te finen op: http://bûsboekje.frl.