Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar jannewaris

Boeken fan Fryslan Frije tiid
2 jannewaris 2023
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek foar de moanne jannewaris ha wy wer mei in nijsgjirrige seleksje makke: in goed begjin fan wer in nij jier fol moaie boeken!

Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús boeketip 10 steane of kom ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.  Yn de Afûkwinkel en -websjop fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken en kado-artikels yn en oer it Frysk en Fryslân, foar alle leeftiden!

Fynst it leuk om op ‘e hichte te bliuwen fan boeke- en projektnijs fan de Afûk? Abonnearje dy dan op ús moanlikse (digitale) nijsbrief!