Dit is de Afûk boeketip 10 foar jannewaris

Boeken fan Fryslan Frije tiid
1 jannewaris 2022
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek foar de moanne jannewaris ha wy wer mei in moaie seleksje makke!

Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús boeketip 10 steane en kom ek ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.  Yn de Afûkwinkel en -websjop fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken yn en oer it Frysk en Fryslân foar alle leeftiden.

Koroana-maatregels
De Afûkwinkel is yn alle gefallen ticht oant en mei 14 jannewaris. Mar, ús websjop is 24 oeren deis iepen. Bestellingen fia de websjop wurde ferstjoerd op wurkdagen (moandei oant en mei freed).

Klikke en oppikke
Kinst der ek foar kieze om dyn online bestelling  op te heljen. Ophelje kin fan moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 12.30 oere (even oanbelje by de foardoar).

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de koroana-maatregels en it wurk fan de Afûk.