Dokter, mei it ek yn it Frysk? Begryplike pasjinte-ynformaasje yn it Frysk #FryskeFreed
“In emotionele situaties valt men graag terug op de moedertaal,” ljochtet Ralph Koppers, ien fan de inisjatyfnimmers fan Indiveo en longarts yn it MCL ta, “het was dus een logische stap om een Friese versie te ontwikkelen. Mensen begrijpen de informatie in de eigen taal beter, en het is op de een of andere manier minder bedreigend.”
Mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ stimulearret de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes. In gearwurking tusken Indiveo en Afûk lei dêrom foar de hân. Mei stipe fan de provinsje Fryslân koe it ferfryskjen fan de divi’s útfierd wurde. Foar no is derfoar keazen om in seleksje divi’s fan in Fryske stim te foarsjen, nammentlik foar de spesjalismen ortopedy, (boarst)kanker, sjirurgy en bern. De kommende jierren hoopje Indiveo en Afûk it tal Frysktalige divi’s foar hieltyd mear spesjalismen út te wreidzjen.
#FryskeFreed
It nijs oer it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje is net tafallich op freed 9 desimber. “It is hjoed Fryske Freed en wy fûnen dat, mei de fjouwer Fryske sikehuzen Nij Smellinghe, Antonius, Tjongerschans en MCL, in moaie gelegenheid om hjir omtinken oan te jaan”, sa ferklearret Sjoukje Jager, projektmeiwurker by de Afûk. “Wy hoopje sa meielkoar in soad minsken te berikken en sjen te litten: sjoch, dat kin ek yn it Frysk. Elk besteget dêr hjoed op syn eigen wize omtinken oan. Dat is ek wat Fryske Freed is. Moai toch?”
Omtinken foar taal yn ’e soarch
Neist it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje, dy’t rjochte is op soarchfregers, sil der yn de kommende moannen ek ekstra omtinken wêze foar taal yn ’e soarch rjochte op soarchferlieners. Dat bart yn de foarm fan in searje artikels wêryn’t ferskate soarchmeiwurkers út de Fryske sikehuzen oan it wurd komme. Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk, ljochtet ta: “Minsken kinne harren faak better útdrukke yn de eigen taal en jouwe dêrtroch dan faak ek mear en bettere ynformaasje. Dêrnjonken stelt it brûken fan de eigen taal minsken op harren gemak. Elk dy’t Frysk praat sil dat gefoel fan ‘o, wy kinne wol gewoan Fryske prate’ herkenne. Dat skept in bân, jout fertrouwen. It brûken fan de eigen taal yn soarchsituaasjes is belangryk en dat belang ûnderkenne begjint mei it kreëarjen fan bewustwêzen, it deroer ha.”