Earste eksimplaren poëzijposters Dichter fan Fryslân foar Beyers Naudé
Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen en de sichtberens fan Fryske poëzy op skoallen te fergrutsjen, skreau de Dichter fan Fryslân 2021-2023, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten binne as posters opmakke en foarmjûn troch Silke Boersma. Mei de posters kin de sichtberens fan Fryske poëzij op skoalle fergrutte wurde. Se binne ornearre foar de faklokalen fan: skiednis, wiskunde, biology, ierdrykskunde en natuerkunde.
Freed 15 septimber krije alle middelbere skoallen yn Fryslân de Fryske postergedichten fan de Dichter fan Fryslân tastjoerd. De Dichter fan Fryslân skreau sels ek in gedicht foar de poëzijposters. De oare gedichten binne skreaun troch: Bauke Vermaas, Lara Kool-de Vries, Sietske Boonstra, Berber Spliethoff en Neeltje Terpstra en binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl.