Foto: Natalia Balanina

Earste Ljouwerter literêre bank ferbynt gedichten en ferhalen oer iensumens

Frije tiid
1 july 2022
Tongersdei 30 juny hat wethâlder Hein Kuiken mei it publyk de earste literêre bank fan Ljouwert ûntbleate by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma hat foar Ljouwert UNESCO City of Literature ynhâld jûn oan de earste literêre bank. Hy hat literatuerprojekt Sprekende stenen fan Over de drempel ferbûn oan de bank. It ûntwerp en de útfiering fan de bank en de 'sprekkende' gevelstiennen binne fan keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom.

De literêre bank, mei dêrop in gedicht fan Jansma, hat in sintrale rol yn Sprekende stenen fan Over de drempel, it programma fan de gemeente Ljouwert wêryn’t kultuermakkers en maatskiplike inisjativen gearwurkje om iensumens tsjin te gean.

De bank is op in online kaart op de webside fan Ljouwert City of Literature ferbûn mei acht gevelstiennen yn it sintrum fan Ljouwert. Dy hawwe de foarm fan in gesicht en binne ek makke troch Ineke van der Blom. Troch de QR-koade op sa’n sprekkende stien te scannen, is in ferhaal oer iensumens te hearen. Nei ôfrin fan de rûte wurdt de harker frege om nei de bank te gean en oare minsken te moetsjen. Hein Kuiken: “No’t Ljouwert sûnt 2019 de permaninte titel City of Literature hat, wolle wy de literatuer noch mear sjen litte yn de stêd. Dat dizze literêre bank ek in moetingsbank is dy’t ûnderdiel is fan in literêre rûte oer iensumens, is dûbeld moai.”

Sytse wurke gear mei fjouwer oare skriuwers en dichters: Gemale Bofunda, Remco Kuiper, Nicole van den Berg en Raymond Muller. Sy binne yn petear gien mei minsken dy’t te krijen (hân) hawwe mei iensumens. Ut dizze petearen binne de acht ferhalen makke. Sytse Jansma: “Literatuer kin iensumens sintúchlik meitsje en dus taastber. Mei dit projekt wol ik minsken bewust meitsje fan it tema en de drompel om der oer te praten leger meitsje. Elkenien belibbet op in stuit yn it libben iensumens, om’t iensumens diel útmakket fan de minske, it minske wêzen. Dêrom bin ik bliid dat de bank en de stiennen in plak yn it sintrum fan Ljouwert krigen hawwe, tusken alle minsken.”

Keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom: “Ik fertel mei myn wurk graach in ferhaal, as in foarm fan poëzy. Yn dit projekt is dat noch sterker wurden troch de gearwurking mei Sytse. Nei ús earste moeting binne wy ​​beide oan it wurk gien en ús ideeën blieken moai oerien te kommen. Wurden of materialen binne de taal om wat út te drukken, mar wêr’t it om giet is oft de siel rekke wurdt.”

Ek yn oare gemeenten yn de provinsje Fryslân wol Ljouwert City of Literature de kommende jierren literêre banken ûntwikkelje.