Anne-Goaitske Breteler, Cdk Arno Brok, geneesheer-directeur Houkje Tamsma en Tineke Witteveen (Afûk) in Theaterkerk Nes. Foto: Hoge Noorden

Earste Rede foar de geast én presintaasje magazine oer taal yn ’e soarch

Oer it Frysk Op it wurk
25 maart 2024
Yn de earste 'Rede foar de geast', dy’t sneintemiddei 24 maart troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok útsprutsen waard, pleite hy foar normalisearring fan it gebrûk fan it Frysk yn alderhande situaasjes, ek binnen de sûnenssoarch. Dat is neffens him fan grut belang foar it befoarderjen fan de mentale sûnens fan de ynwenners fan Fryslân en de kwaliteit fan de sûnenssoarch.

Hy helle dêrfoar in útspraak fan Nelson Mandela oan: “Ast tsjin ien praatst yn in taal dy’t hy begrypt, dan berikst syn holle. Ast tsjin ien praatst yn syn eigen taal, dan berikst syn hert.”

Op útnûging fan Theaterkerk Nes fertelde Brok, sels grut leafhawwer fan taal en it Frysk yn it bysûnder, oer hoe’t taal as kommunikaasjemiddel minsken wit te ferbinen, hoe’t minsken troch taal ûnderdiel wurde fan in mienskip en hoe’t it praten fan in eigen taal dy de kâns jout om wurden te jaan oan dyn gefoelens en emoasjes. Dat is benammen yn de geastlike sûnenssoarch hiel belangryk, om’t it praten fan in eigen taal dy mear op dyn gemak fiele lit. Dêrneist hat it ek foar de helpferlieners foardielen om deselde taal te praten as de kliïnt, want it makket de ôfstân ta elkoar lytser, it ferminderet de kâns op misferstannen én de fertrouwensbân tusken helpferliener en kliïnt wurdt grutter. Dat komt te’n goede fan de kwaliteit fan de soarch. “Taal is in ûnmisber stik medysk ark”, sa seit Brok. “Taal is de kaai ta goeie soarch.”

Brok priizge yn syn Rede de inisjativen dy’t der al besteane om in brêge te slaan tusken helpfreger en helpferliener. “Bygelyks in sticker mei ‘Praat mar Frysk’ op ’e doar fan ’e sprekkeamer.” Ek binne der al ferskillende soarchynstellingen dy’t it belang fan taal ynsjogge en dy’t dêr yn gearwurking mei ûnder oaren de Afûk wurk fan meitsje.

Magazine Taal yn ’e soarch
Nei de ‘Rede foar de geast’ presintearre de Afûk it nije magazine ‘Taal yn ’e soarch’. It earste eksimplaar fan it magazine waard troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok offisjeel oanbean oan geneesheer-directeur fan GGZ Friesland Houkje Tamsma. Tamsma hat jierrenlange ûnderfining as psychiater en ûnderskriuwt dat it praten fan de memmetaal helpend wêze kin yn it pasjintekontakt en de behanneling. “Als je de taal beheerst, herken je de nuances”, fertelt se. It magazine, spesjaal makke foar professionals yn de geastlike sûnenssoarch, giet oer it belang fan it prate kinnen fan de memmetaal yn soarchsituaasjes. Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust ynsette, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten.
Ferskillende professionals yn de soarch fertelle yn it magazine oer de rol fan taal yn harren wurk. Ek Anne-Goaitske Breteler, skriuwster, antropolooch en gearstaller fan de tentoanstelling ‘De laatste dagen van de dorpsgek’, wurke mei oan dat magazine fan de Afûk. Sa fertelt se yn in artikel oer it ferskil yn mentale sûnens tusken stêd en plattelân en it taboe dêrop.

Tagelyk mei it magazine waard ek de nije set ‘Fertel ris’-praatkaarten presintearre. Dy praatkaarten kinne ynset wurde om tegearre mei de kliïnt wurden te finen foar watst fielst. Se helpe by it oertinken, fielen en ferwurdzjen fan emoasjes, yn it Frysk én Nederlânsk.

De earste ‘Rede foar de geast’ en it nije magazine waarden goed ûntfongen. De ‘Rede foar de geast’ wurdt tenei jierliks programmearre yn Theaterkerk Nes en wurdt altyd keppele oan in aktueel tema. Dit jier is de rede keppele oan de tentoanstelling ‘De laatste dagen van de dorpsgek’, dy’t noch oant en mei 2 juny te sjen is yn Theaterkerk Nes.

It magazine ‘Taal yn ‘e soarch’ is ûnderdiel fan it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’, wêrmei’t de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes stimulearret. Professionals yn ’e soarch wurde ynformearre oer it belang fan taal yn ’e soarch, der wurdt meitocht oer materialen en helpmiddels en der is in rom oanbod oan kursussen en workshops.

Mear ynformaasje oer it magazine en de ‘Fertel ris’-praatkaarten fynst op friesindezorg.frl.