Foto: Afûk/Praat mar Frysk

Eksklusyf yn de winkel fan de Afûk: tas mei moaie Fryske wurden

Frije tiid
19 augustus 2022
De 'moaie wurden' fan Praat mar Frysk binne fan hjoed ôf net allinne te krijen as in moai pakketsje kaartsjes, mar steane no ek - in seleksje - op in tas! Superleuk om sels te hawwen mar ek om wei te jaan as kadootsje. Om de priis hoechst it net te litten want dizze tas kostet mar € 2,95. Kom gau del yn ús winkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert of bestel 'm fuortendaliks yn ús websjop.

Mei de tas op stap? Meitsje even in foto en diel ‘m fia dyn socials mei #praatmarfrysk. Fine we leuk ?

Sjoch ek: moaie wurden fan Praat mar Frysk.