Sichtberens fan it Frysk yn it provinsjehûs. Foto: provinsje Fryslân

Ekstra punten foar Frysk en Streektalen yn it Iepen Mienskipsfûns

Frije tiid Oer it Frysk
5 july 2022
Projekten dy 't op kreative wize de sichtberens fan it Frysk of ien fan de Fryske streektalen fergrutsje, meitsje aanst mear kâns op in bydrage fan it Iepen Mienskipsfûns. Omtinken foar it Frysk smyt ekstra punten op, wêrtroch't de kâns op honorearring grutter wurdt. Dêrmei wurde inisjatyfnimmers oanmoedige om nei te tinken oer de rol fan it Frysk en de Fryske streektalen yn harren IMF-projekt.

Ekstra kritearium
Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt provinsje Fryslân jierliks sa ‘n 3,5 miljoen euro beskikber om projekten fan ynwenners fierder te helpen. Projekten dy’t bydrage oan de leefberens fan in wyk, doarp of regio kinne yn oanmerking komme foar de subsydzje. Yn alle regio’s beoardielet in ûnôfhinklike advyskommisje de projekten op fiif kritearia: draachflak, kontinuïteit, gearwurking, empowermint en ekology. Fan de neikommende iepenstelling yn septimber ôf komt it kritearium Taal derby.

Frysk en streektalen
Troch it Frysk en de streektalen sichtberder te meitsjen, kin in wichtige bydrage levere wurde oan de fitaliteit fan de talen. Boppedat wurdt de status fan in taal ferbettere; oan ’e iene kant wurde sprekkers befêstige “myn taal docht derta” en oan ’e oare kant wurde de net sprekkers derop wiisd dat der noch ien (offisjele) taal sprutsen wurdt yn it oanbelangjende gebiet. Deputearre Sietske Poepjes: “It is in moaie keppelkâns om it Frysk in plak te jaan yn in fûns wat ús ynwenners sa goed fine kinne en sokke moaie projekten betsjinnet”. Sy sjocht dan ek bot út nei alle projektplannen.

Kom mei ideeën!
Sa ek deputearre Klaas Fokkinga, mei leefberens yn ‘e portefúlje. Fokkinga: “De provinsje stelt yn septimber wer in miljoen beskikber foar alle Friezen dy’t harren libbensfermidden en ús provinsje moaier meitsje wolle”. Fan 12 septimber o/m 6 oktober kinne de plannen yntsjinne wurde. Der binne in hiel soad foarbylden dêr’t it Frysk of de streektaal in moai plakje mei krije kinne yn in projekt. Tink dêrby oan bygelyks in buordsje mei in QR-koade dat besikers scanne kinne om nei it Frysktalige ferhaal te harkjen. Kosten foar oersettings kinne meinaam wurde yn de begrutting fan it projektplan. Foar fragen kinne inisjatyfnimmers telâne by de projektadviseurs fan Streekwurk. Sy helpe graach by it útwurkjen fan de plannen!