Evert Wilstra ferstoarn
Evert wie, njonken alle oare dingen dy’t er by de ein hie, ek in entûsjast amateur-fotograaf en natoerleafhawwer. Hy mocht graach yn it Noarderleech omdwale en mei syn unike foto’s ha wy yn gearwurking mei Evert it ôfrûne jier in prachtich boek makke en hy hie siet noch fol plannen foar folgjende projekten.
Evert wie troud mei ús âld-kollega Ytsje Wilstra-Scherjon. Fan dit plak ôf winskje wy Ytsje, Willem en oare neisten in soad sterkte.