Fakatuere Lid RfT

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
8 juny 2023
Wy sykje in nij lid foar ús Rie fan Tafersjoch. Neffens it roaster fan op- en ôfgean, is der in fakatuere foar immen mei ûnderfining op it mêd fan ûnderwiis, taal en kultuer. De Rie fan tafersjoch sjocht derop ta dat de útfiering fan it bestjoersbelied strookt mei de rjochtlinen yn de regeljouwing en û.o. de Governance Koade Kultuer. Wat foar dy? Reagearje foar 25 juny!

De Rie fan tafersjoch hâldt der sicht op dat de útfiering fan it belied fan de bestjoerder/direkteur strookt mei it fêststelde kader dat bestiet út in begrutting, it jierferslach mei de jierrekken en in mearjierrich beliedsplan, sawol finansjeel as strategysk. De Rie fan tafersjoch komt sa’n fiif kear jiers by inoar. Wy ferwachtsje datsto sa’n twa oant trije oeren yn ‘e moanne yn it spier bist as lid. Yn it profyl fynst mear ynformaasje oer de funksje.

Oer de Afûk
De Afûk set har yn foar de Fryske taal- en kultuer en wol gearwurkje mei alle oare organisaasjes dy’t harren dêrfoar ynsette as ek mei organisaasjes dy’t harren ferbûn fiele mei oare minderheidstalen yn Europa en mei organisaasjes dy’t in grutte rol spylje yn en foar de Fryske mienskip. Wy dogge dat by de Afûk út it bewustwêzen wei dat wy in profesjonele organisaasje binne mei kundige en besiele minsken dy’t neat moaier fine as wurkje oan de befoardering fan ús taal. Dêrmei helpe wy de Fryske mienskip foarút en bliuwt ús prachtige taal oerein. Wolsto dêr, as ien fan de fiif leden fan de Rie fan tafersjoch, ek oan meiwurkje?

Mear ynformaasje en sollisitearje
Hasto noch fragen, nim dan kontakt op mei Ciska Noordmans, tel. 058-234 30 83. Sy kin dy ek yn kontakt bringe mei de foarsitter fan de Rie fan tafersjoch of de direkteur-bestjoerder fan de Afûk. Dyn sollisitaasjebrief kinst foar uterlik 25 juny stjoere nei ciska.noordmans@afuk.frl. De petearen sille op moandeitejûn 3 july holden wurde.

Alle ynformaasje oer de fakatuere fynst ek hjir.