Ah goeie! Frijgesel Fryslân kin op Tinder taalfoarkar oanjaan
Brûkers kinne sa dus ‘matche’ op basis fan taalfoarkar. Ien dy’t ûnder in drankje yn de ‘memmetaal’ prate kinne wol, makket sadwaande alfêst in skifting. Dyjinge kin der dêrnei foar kieze de chat net yn it Nederlânsk te starten, mar mei ‘Ah goeie!’
Leden oer de hiele wrâld kinne kieze út mear as 133 talen. Yn Nederlân binne ûnder oare Frysk, Papiamintsk en Arabysk in soad sprutsen talen.
Bron: Omrop Fryslân