Feestlike ôftraap kultuerseizoen Ljouwert: fergees kultuersnuve mei ‘Uit in Huis’

Frije tiid
26 augustus 2021
Op snein 5 septimber smite mear as 27 musea, teaters, poadia, ateliers en oare kulturele ynstellings harren doarren wiid iepen foar de ôftraap fan it kultuerseizoen 2021. Genietsje fan 13.00 oere oant 17.00 oere fan tentoanstellings, foarpriuwkes fan it teateroanbod, fergese workshops en folle mear. Ek by de Afûk oan de Boterhoek bist fan herte wolkom! Wy fertelle dy graach oer ús kursusoanbod en wat wy noch mear dogge. Lês hjirûnder mear oer ús aktiviteiten tidens 'Uit in Huis'.

Foar lytskes
Fynsto de lytse Keimpe? Dan winsto it prachtige printeboek ‘Wêr is Keimpe’.  en fansels kinst even lekker sneupe yn ús winkel. Of meitsje in moaie tekening foar Tomke syn jierdei en miskien nimsto dan wol sa’n machtich Tomke-feestkofferke mei nei hûs!

Foar grutten
Njonken ynformaasje oer ús kursusoanbod en wat de Afûk noch mear docht fynst fannemiddei in moai assortimint oprommingsboeken foar lytse priiskes. Of sneup ris troch ús brede oanbod (berne)boeken en kado-artikels.

En fierder
Wy binne startpunt foar de DIY kuierrûte ‘miniature People Leeuwarden’.

‘Uit in Huis’ is de opfolger fan it eardere UITfestival en fergees tagonklik. Sjoch foar it folsleine oanbod op www.kunstkade.nl en bliuw op ‘e hichte fia de Facebook-side fan Uit in Huis.