Ferhaal Nationale Voorleeslunch ek wer yn it Frysk beskikber

Frije tiid Oer it Frysk
25 septimber 2024
Ek yn 2024 wurd der wer in Nationale Voorleeslunch organisearre op nasjonale âldereindei. Dy dei falt dit jier op freed 4 oktober. It ferhaal foar de Nationale Voorleeslunch is spesjaal foar dizze dei skreaun troch Wim Daniëls en is, yn gearwurking mei it projekt 'Frysk yn 'e soarch' fan de Afûk ek wer beskikber yn it Frysk.

De Nationale Voorleeslunch, dy‘t dit jier foar de 12e kear wêze sil, lit sjen dat foarlêzen ek foar âlderein in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. It foarlêzen fan in ferhaal jout ûntspanning en is faak in oanlieding om mei-inoar te praten of oantinkens op te heljen. De Voorleeslunch wurdt sûnt dit jier organisearre troch de Culturele Apotheek, yn gearwurking mei it Ouderenfonds, biblioteken en fersoargingshuzen. Sûnt 2016 wurde de ferhalen fan de Voorleeslunch ek oanbean yn it Frysk, yn gearwurking mei de Afûk.

Mear witte oer de Nationale Voorleeslunch? Sjoch op nationalevoorleeslunch.nl. De Fryske oersetting fan it ferhaal kinst fergees opfreegje fia in mailtsje nei: friesindezorg@afuk.frl.
Wurkest yn de soarch? Sjoch dan ek ris op friesindezorg.frl, dêr fynst bygelyks ek de foarlêslunsjferhalen fan oare jierren: klik yn de menubalke boppe yn op de knop ‘fertel ris’ en kies dêrnei yn de linkerkolom ûnder ‘zo kunt u meteen aan de slag’ foar ‘activiteiten’.