Ferhaal Nationale Voorleeslunch ek wer yn it Frysk beskikber
De Nationale Voorleeslunch, dy ‘t dit jier foar de alfde kear wêze sil, lit sjen dat foarlêzen ek foar âlderein in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. It foarlêzen fan in ferhaal jout ûntspanning en is faak in oanlieding om mei-inoar te praten of oantinkens op te heljen. De Voorleeslunch wurdt organisearre troch de Leescoalitie yn gearwurking mei biblioteken en fersoargingshuzen. Sûnt 2016 wurde de ferhalen fan de Voorleeslunch ek oanbean yn it Frysk.
Mear witte oer de Nationale Voorleeslunch? Sjoch op nationalevoorleeslunch.nl. Foar de Fryske oersetting fan it ferhaal nimst kontakt op mei friesindezorg@afuk.frl. Wurkest yn de soarch? Sjoch dan ek ris op friesindezorg.frl, dêr fynst bygelyks ek de foarlêslunsjferhalen fan oare jierren: klik yn de menubalke boppe yn op de knop ‘fertel ris’ en kies dêrnei yn de linkerkolom ûnder ‘zo kunt u meteen aan de slag’ foar ‘activiteiten’.