Ferhalejûn BoekHjerstBoek yn Jorwert

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
25 septimber 2023
Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekHjerstBoek. Dy wurdt holden op freed 17 novimber om 20.00 oere yn kafee It Wapen fan Baarderadiel yn Jorwert. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal te skriuwen mei it tema ‘Stoarm’.

Stoarmet it yn dy? Yn dyn holle, yn dyn liif? Stoarmet it bûten of op it wurk, stoarmest troch it libben? Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.
Skriuw in stoarmeftich ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 3 novimber nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.

Wa wit dielsto op de ferhalejûn as winner it poadium mei masterfertellers: Gjalt de Groot, Martin Scherstra, Doeke Sijens, Anita Terpstra en Jan Schokker. De sjuery sil alle ynstjoeringen beoardielje en nei 17 novimber ek fan kommentaar foarsjen.

BoekHjerstBoek yn Jorwert
Freed 17 novimber 20:00 oere
Kafee ‘It Wapen fan Baerderadiel’ yn Jorwert
Mei: Gjalt de Groot, Martin Scherstra, Doeke Sijens, Anita Terpstra en Janschokker, muzyk fan Weima & Van der Werf, lekkere hapkes en drankjes.
Tagong fergees!