Ferhalen Nationale Voorleeslunch ek wer yn it Frysk beskikber
De Leescoalitie hat de 10e edysje fan de Voorleeslunch oangrepen om dit jier ekstra út te pakken. Net allinne binne der dizze kear dus trije spesjale ferhalen skreaun mar dy ferhalen wurde tegearre mei de sân ferhalen fan eardere edysjes fan de foarlêslunsj ek bondele yn in spesjale útjefte. Dêrnjonken sille de trije auteurs harren ferhaal dit jier sels, op nasjonale âlderendei, foarlêze by Omroep MAX op NPO 1. Fansels wurdt der tradysjegetrou ek de hiele dei en troch it hiele lân foarlêzen oan âlderen troch bekende en onbekende Nederlanners. Sûnt 2016 wurde de ferhalen fan de Voorleeslunch ek oanbean yn it Frysk.
Mear witte oer de Nationale Voorleeslunch? Sjoch op nationalevoorleeslunch.nl. Foar de Fryske oersetting fan de ferhalen nimst kontakt op mei ynfo@afuk.frl. Wurkest yn de soarch? Sjoch dan ek ris op friesindezorg.frl, dêr fynst bygelyks ek de foarlêslunsjferhalen fan 2016 ôf: klik yn de menubalke boppe yn op de knop ‘fertel ris’ en kies dêrnei yn de linkerkolom ûnder ‘zo kunt u meteen aan de slag’ foar ‘activiteiten’.