Finalisten SjONG junior 2022 bekend
Oan ‘e hân fan in kant en kleare Fryske muzykles koenen basiskoallen de ôfrûne wiken meidwaan oan SjONG junior. De muzykles kin, noch hieltyd, los dien wurde, mar it resultaat koe ek ynstjoerd wurde as audysje. De acht skoallen dy’t har no pleatst hawwe meie ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten in eigen liet meitsje. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te folgjen is.
De ûndersteande acht skoallen dûke de kommende perioade de studio yn om harren eigen hit te skriuwen:
De Bining – Westergeest
De Brêge – Skarsterbrêge
Ds. Hasperskoalle – Akkrum
De Mienskip – Bûtenpost
De Pionier – Dokkum
Staetslânskoalle – Tsjom
De Tarissing – Aldehaske
De Twiner – St. Jabik
De finale, dy’t plak fynt op freed 10 juny yn De Lawei yn Drachten, wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma. De sjuery fan de finale bestiet ûnder oare út sjonglearares Simone de Witte en dirigint Theo Brouwer. It tredde sjuerylid bliuwt noch efkes in ferrassing.
SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, professionele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjong contest foar fuortset ûnderwiis, en Sjongfestival slane dus de hannen yn ien. Dit jier fynt SjONG junior plak, takom jier SjONG.
SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.